Bitgum, 8 april 2020    

'Binne jou niet fys van mij?'

Justermiddei foar it earst sels de triennen yn 'e eagen om dat rotfirus. Ik kaam by de winkel yn Sint Anne en dr stiet in frommeske by de winkelweinen, aardich yn it fermidden. Bytsje lder as iksels, skat ik sa yn, dat ik nim oan dat se dr stiet om winkelkarkes te himmeljen en oan te jaan.

Ik rin derhinne, gjin aksje. Ik sjoch har freegjend oan, wol net troch de regels wdzje en stean al aardich tichtby. Se sjocht werom, bliuwt stean wrt se stiet en seit "Pak mar ien hear. Om my hinne dogge minsken dat ek, se gean hast eangstich fanwege de fstn, dyt nmooglik op de fereaske oardel meter komme kin, by har lns, gesicht fdraaid (stjerrendewier), pakke in karke, himmelje dat en meitsje dat se fuortkomme.

It frommeske bliuwt stean en ik ek, want ik begryp net wromt se dr stean bliuwt. Dan realisearje ik my dat se justjes hinne en wer wevet en har stiif beethldt tusken de stangen dyt de rigen karkes skiede. Se sjocht myn eagen gean en seit: "Ja, ik gean hjir sa wei. En dan, nei in koart skoftsje: "As it slagget. "No, dat wurdt neffens my net folle, antwurdzje ik. "Myn fuotten wolle net mear, seit se tryst. "Myn auto stiet hjir foaroan, ik hie hope dat ik dat noch krekt berinne koe, mar it wurdt him net.

"Sille wy dan tegearre mar mei myn fuotten dat t? Se sjocht my oan, oare klanten ha no wurk om s foarby want tegearre blokkearje wy wilens twa fan de trije rigen karkes en se sjogge dus ml. "Durve jou dat, seit se, oergeand op har eigen Bildts. "Binne jou niet fys van mij? Nou, met die corona?

Nee, dat bin ik net, har nmacht begruttet my ta de teannen t. Ik pak har stiif yn e earm en ik wit net hokker nmeilydsume rotkwaal dizze jonge frou sa yn e macht hat, mar har fuotten skokke en fleane alle kanten t. Nei har auto is miskien in meter as tsien, fyftjin, mar it moat foar har in maraton wze. Hiel stadich buorkje wy dat t. Stopje nei elke stap. Se moat alle war dwaan om har fuotten te stjoeren, mar dy rotdingen libje har eigen libben. Wy komme teinlik by har auto, drt se harsels yn wrot, oars kin ik it net neame, en dan seit dat se it fierder wol rdt, dat se nuver gench wol ride kin. Se is bliid dat se dizze loop rden hat, skammet har en is frustreard omt se it sels net koe.

Wy nimme fskied, en ik foeterje, want sa lang as wy wurk hn ha, en dat is lang, ha minsken de winkel yn en t west en mei in grutte bge om s hinne rn. Hoe lang hat se dr al sa stien yn e hope dat har fuotten bedarje soene?

Omt wy allegear regearre wurde troch de eangst miskien wol hiel lang. Ik hoopje fan net. Fannacht betocht ik my ynienen: "Hie se eins wol boadskippen dien, of is se safier net kommen...

MARTSJE DE JONG

Bron: Leeuwarder Courant