Ljouwert, 7 febrewaris 2023

'Deacon Bildts' bysûnder betûfte roman

Blau fan dagen, griis fan ônrust

Sierd Lautenbag is in keunst-skilder fan it Bilt, dy't fêstrûn is yn syn relaasje mei Ilse en útsjoen is op de ivich rjochte linen fan it lânskip by Swarte Haan. Op in eksposysje fan syn wurk yn Amsterdam treft er de Baskyske Amaia, dy’t der foar soarget dat er in pear moannen oan it wurk kin yn de omkriten fan Donostia (oftewol San Sebastian).

Doeke Sijens

Sierd soe wol hielendal brekke wolle mei it Bilt, mar it is Amaia dy’t him de ûnmooglikheid dêrfan foarhâldt: ‘Dou saist datst klaar bist met ’t Bildt, met ’t landskap ... Met dyn eigen geboortegrônd. Ik bin bang dat ’t soa niet werkt. Overal dêr’t wy komme nimme wy ôns aigene en ôns geskidenis met. Krekt at ’t Bildt klaar met dij is, kînst sêge datst d’r genog fan hest.’

Sierd wie noch mar in jonkje, doe’t syn heit himsels tekoart die. De dea fan syn heit pleaget him noch altyd om’t er de oanlieding noait begrepen hat en dêrom kin er it ek net loslitte. Hoe’t er fûn is, wa’t him fûn hat, wêr’t er fûn is: hieltyd wer komme de tinzen dêroan werom.

Op bysûnder betúfte wize lit de skriuwer sjen hoe’t de dea fan syn heit makke hat dat Sierd in einzelgânger wurden is en him min úterje kin. Sa fertelt er Ilse net dat er Amaia

moete hat en Amaia fertelt er net dat er in húshâlding hat. Amaia neamt him ‘Deacon Bildts’, nei in song fan Steely Dan oer in ‘doalende siel’. Om’t Sierd sa dúdlik de haadpersoan is, bliuwe alle oare figueren yn syn skaad stean en krije net echt in eigen identiteit. Ek Amaia ferdwynt al rillegau nei Switserlân.

Hoe’t it kin dat Sierd him ta in ferneamd keunstner ûntwikkelje koe, bliuwt folslein ûndûdlik. Guon praktyske saken, lykas it hûs fan syn freon Henk, wurde dan wol wer wiidweidich beskreaun.

Foar de kwaliteit fan de roman makket dit lykwols neat út, de skriuwer set dêr in soad moaie stikken tsjinoer. Nim de autoreis, dy’t er ûndernimt – wylst de iepening fan syn útstalling yn Amsterdam noch geande is – om in gimmestykútfiering fan syn dochter yn’t Bilt mei te meitsjen. En hoe’t er dan har juf Hylkje observearret.

Amaia neamt him ‘Deacon Bildts’, nei in song fan Steely Dan

De skriuwer ûntkomt fansels net oan in fergeliking tusken de Baskyske striid foar de eigen identiteit en it nuete hâlden en dragen fan de Biltkers dêr foaroer. Sierd neamt himsels in ‘herhalingskûnstner’, hy soe net mear it ‘ware’ Bilt skilderje, mar it ‘idee’ fan ’t Bilt. ‘De Bildtse luchten, die soust elke dâg skildere kinne en dan hest elke dâg ‘n unyk skilderij, maar ‘t doet mij niks meer.’

Net earder at er yn Baskenlân besiket te skilderjen, docht bliken of dit wol wier is.

Bron: Leeuwarder Courant