Sint Annaparochie, 7 Februari 2020    

Definsje wegeret bom te ûntmanteljen

Steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje.  Foto ANP

It ministearje fan Definsje hat sjen litten dat it by steat is om grutte wjerstān op te roppen en foar in soad ūnrźst yn de regio te soargjen. Nei it debakel mei de marinierskazerne yn Vlissingen, wienen in wike letter al de noardlike en eastlike provinsjes fan Nederlān oan bar.

Sūnder de provinsjes en gemeenten te ynformearjen, ferstoppe Definsje it foarnimmen om de leechfleanrūte op ’e nij yn gebrūk te nimmen yn in tsjokke nota oer de feroaring fan it gebrūk fan it loftrom. Dźrmei kinne strieljagers op in hichte fan mar 75 meter oer doarpen en natuergebieten yn Noard- en East-Nederlān raze. Yn 2002 is de rūte būten gebrūk steld om’t dy in soad oerlźst en gefaarlike situaasjes oplevere. Omdat dy beswieren noch hieltyd jilde, hienen de provinsjes Fryslān, Drinte en Oerisel fersocht om de rūte definityf te skrassen.

Fansels soarge it foarnimmen fan Definsje foar in soad ophef. Sjoernalisten stelden fragen oan Definsje, politisy kamen yn ferset en ynwenners kamen yn aksje. Fan de kant fan Definsje bleau it lang stil; pas acht dagen letter kaam de parsefoarljochter fan it ministearje mei in reaksje. Syn antwurden wienen net hiel dśdlik, en de tsjutting yn de media wie ferskillend. Noch hieltyd wachtsje sjoernalisten dy’t ferfolchfragen steld hawwe op antwurd.

Dat wie genōch reden foar steateleden om tiisdei nei De Haach ōf te reizgjen om by it debat mei steatssekretaris Barbara Visser te wźzen en tegearre mei kollega’s yn de Twadde Keamer derop oan te trunen dat de leechfleanrūte definityf skrast wurdt.

De steatssekretaris krige algeduerich briefkes oanrikt troch fjouwer kolonels, dy’t muoite hienen om rjochtop te sitten fanwege it gewicht fan de medaljes op it boarst. Steatssekretaris Visser sei dat sy de kāns lyts achtet dat de leachfleanrūte yn gebrūk naam wurdt. Keamerleden Sadet Karabulut (SP) en John Kerstens (PvdA) kundigen in moasje oan om de rūte te skrassen en de regio net langer yn ūnwissigens te litten, en dźrmei oan de oprop śt de provinsjes wei te foldwaan.

Opheffing is wat oars as
de rūte nó net yn gebrūk nimme

De wichtichste opmerking fan de steatssekretaris kaam lykwols nei it debat sels. Opheffing is wat oars as de rūte nó net yn gebrūk nimme, sei frou Visser. Sy wol de rūte net definityf skrasse en wannear’t de loftmacht oanjout de rūte dochs wer brūke te wollen, sil sy dźr serieus nei sjen. De eksplosive situaasje bliuwt dus bestean, de bom wurdt net ūntmantele. En sa kin, nei Seelān, de bom yn Noard- en East-Nederlān letter dochs noch ūntploffe, sadree’t de loftmacht op ’e nij leechfleane wol.

SIJBE KNOL

Sint Anne, steatelid foar de FNP

Bron: Leeuwarder Courant