Aldsyl, 11 desimber 2020    

'Myn skriuwen is terapeutysk'

'Ik besykje myn gefoelens om te setten yn keunst. As tsjinreaksje: fan eat dat net moai is, wat moais te meitsjen.'

Abe de Vries (1965) fan Aldsyl wurdt troch guon beskôge as ien fan de grutste Fryske dichters fan dizze iuw. Yn Blaumelly, syn tsiende bondel dy't krekt ferskynd is, bewiist er dat mar wer ris. Mar wat hawwe je dêroan, sa seit er, as de taal ferdwynt wêryn't er him uteret?

Tekst Elisabeth Post/Foto Marchje Andringa

"Kom deryn!" Abe de Vries hâldt de doar fan syn lytse wente yn Aldsyl wiid iepen. "Plof dêr mar del", en hy wiist nei in rookstoel, sa'n eksimplaar dy't doetiids ek by in soad pakes en beppes yn 'e húskeamer stie. De helte fan de wenkeamer is folle mei boeken. Ut in laptop klinkt Schuberts njoggende symfony.

Syn hûs is net grut, mar De Vries jout neat om guod, seit er. Lúkse seit him net safolle. Hy makket der ek gjin geheim fan dat er yn de skuldsanearing sit. Troch in mislearre houlik siet er finansjeel oan 'e grûn. Oft dat slim is? Hy stoarret foar him út, siket om de júste wurden. "Nee, want oars hie ik nea safolle skriuwe kinnen as dat ik no doch. Dan hie de needsaak der ek net west", tinkt er.

De Vries is dichter, essayist, literatuerkritikus, sjoernalist en oersetter. In pear wike lyn hat er in nije bondel en in boek oer Waling Dykstra útbrocht. De bondel, Blaumelly, is folle mei persoanlike gedichten en mei oersettingen fan in tal grutte dichters. Eigener Hille Faber fan útjouwerij De Ryp, dy't beide boeken útbrocht hat, seit oer Blaumelly: "Hiele persoanlike (inerlike) poëzy fan Abe de Vries. Hy bliuwt diskear hiel ticht by himsels mar lit troch de oersettingen sjen dat der ek omsjocht nei de wrâldpoëzij. In dichter dy't Fryslân ûntstiicht."

Dat binne grutte wurden. De Vries gniist. "Prachtich fansels, mar der binne net sa'n soad mear dy't yn de Fryske taal dichtsje." Wêrmei't er sizze wol: minsken kinne maklik sizze dat je in grutten binne as der hast gjin ferlyk is.

Poerrazen

Hy hat noed oer de Fryske taal wêryn't er syn emoasjes en boadskippen de wrâld yn stjoert. Dat kin eltsenien ek lêze op syn Facebookside. Der is fiersten te min omtinken foar it Frysk op skoallen, by organisaasjes en by oerheden, tinkt de skriuwer. Poerrazen is er soms op bestjoerders dy't gjin jild stekke wolle yn it Frysk. Dy't it ferdomme om it Frysk taalûnderwiis út te wreidzjen, mar it ynstee dêrfan ôfbrekke. Dy't net sjen wolle dat it Frysk útstjert as libbene taal as der net better op past wurdt. "As skriuwer wurdt myn berik sa hieltyd lytser. Wa lêst no noch Fryske literêre boeken, lit stean poëzy?"

Blaumelly is de tsiende bondel fan De Vries. Yn syn gedichten uteret er syn soargen oer net allinnich it ferdwinen fan it Frysk, mar ek oer de kleau tusken plattelân en stêd dy't grutter wurdt. En der is omtinken foar syn twa jonges Tim en Luuk. Sy groeiden foar it grutste part op by harren mem yn de Rânestêd. Frysk prate en lêze kinne se net. Gjin idee dus hokker gefoelens heit foar lêzers oan it papier tabetrout. "Miskien letter, as se mear oer harren heit witte wolle."

Boartsje mei de Fryske taal is foar De Vries ek in soarte fan needsaak wurden. Hy brûkt it dichtsjen foar it ferwurkjen fan syn gefoelens en emoasjes, seit er earlik. En hy wol ek tsjinwicht jaan tsjin de sinleazens fan it libben en de minder fleurige kanten dêrfan. "Myn skriuwen is terapeutysk." Omstappe mei frustraasjes en lilkens, smyt in minske no ienris neat op. "Ik besykje myn gefoelens om te setten yn keunst. It is in tsjinreaksje: fan eat dat net moai is, wat moais te meitsjen.

De Vries dichte al in hiel skoft, mar pas sûnt syn seisentritichste yn de Fryske taal. Mei wurden yn de taal dy't er as bern fan heit en mem leard hie, koe er útdrukking jaan oan wat er sizze woe. Dat wie in iepenbiering. Dêrom hâldt er ek sa fan it Frysk. En der moat dochs ien wêze dy't warskôget foar de delgong fan it Frysk en tafersjoch hâldt op oerheden en organisaasjes. Dat dy it jild foar it behâld fan 'e taal net fergrieme.

Romantikus

It is ek de Fryske taal dy't him stjoert yn it foarmjaan fan syn gedichten. Eins is elk gedicht in lyts persoanlik ferhaaltsje. "Der binne, swart-wyt sein, taaldichters en ideeëdichters. Ik ha net safolle fantasy, bin in taaldichter, ha wurden nedich om my fierder te bringen. Ik bin in romantikus en skriuw oer tema's as de leafde, de dea en it lot fan myn taal. Ik brûk dêr myn eigen ûnderfining foar, mar op sa'n wize dat de gedichten ek werkenber binne foar oare minsken", seit De Vries.

It gedicht De striefrou bygelyks giet oer syn mem. Sy ferstoar yn 1998 doe't se 55 jier wie oan alfleisklierkanker. Se wie like âld as har soan no is. "It hat al efkes troch myn holle spûke. Har dea wie in skok. Se fielde har net goed en twa moanne letter wie se ferstoarn", seit er.

It gedicht begjint mei:

Read-wyt-blau, jim sprekke my fan frijheid. / Yn myn bernejierren, noch foar't ik fjouwer waard, / ferbaarnden se in striefrou.

Syn mem hat net in gelokkich libben hân, seit De Vries. Har mem wie 16 jier, doe't se yn de Twadde Wrâldoarloch yn ferwachting rekke fan in Dútske soldaat en dat koe fansels net. Sy koe it net helpe dat har mem fereale waard op in Dútser, mar sy hat it fertriet altyd mei har meidroegen. Mar Abe en syn mem hiene in klik. Hy koe goed leare. "Sy stimulearre my dêr ek altyd yn. Ik moast eins ek foar har leare." Dat De Vries letter twa stúdzjes ôfbrutsen hat, die har fertriet. Net dat er it net koe. "Mar it rûn no ienris sa."

Isolemint

De Vries reagearret yn Blaumelly ek op de aktualiteit yn de wrâld om him hinne: flechtlingen, de ôffaloven yn Harns, boeren en stikstofproblematyk en it ferdwinen fan Fryske wurden binne saken dy't de dichter yn 'e besnijing hawwe en hâlde. De dobbe giet ûnder mear oer it ferdwinen fan Fryske wurden. De Vries fel: "Eins reitsje ik as dichter hieltyd mear yn in soarte fan isolemint. Se skrasse wurden út it wurdboek, omdat dy net mear brûkt wurde. Dat beheint my hieltyd mear yn it gebrûk fan wurden, wylst taal foar my as skriuwer fan libbensbelang is.

"Fryske poëzy kin like nijsjirrich wêze
as poëzy yn dy grutte talen"

It skriuwen yn in lytse taal is soms frustrearjend, mar De Vries kin it ek relativearje. Dat lit er yn Blaumelly sjen troch it oersetten fan wurk fan wrâldferneamde dichters as Osip Mandelstam, Robert Frost, Lars Gustafsson, Czeslaw Milosz en Iosip Brodsky. "Om sjen te litten dat poëzy him neat oanlûkt fan it ferskil tusken grutte en lytse talen. Fryske poëzy is net in skattich byferskynsel fan in lyts taaltsje. It kin like nijsgjirrich wêze as poëzy yn dy grutte talen."

Nij in noflik petear fan in pear oeren, komt De Vries noch efkes werom op Schubert. Hy harket al de hiele wike nei it stik. "Prachtich, prachtich!", seit er. "Sa moai, sa ritmysk en fol mei fynsten." De eagen glimkje. "It is hast ûnmooglik, mar ik tink likegoed: wat kin ik hjir yn poëzy mei dwaan?"

Bron: Leeuwarder Courant