Sint Jacobiparochie, 11 september 2012

Doseren, dat is de kunst

GERRIT KLOOSTERMAN


Foto: Marty SlagerOpnieuw won Taeke Triemstra het kaatsklassement. Voor de voorinse uit Sint Jacob is goed doseren de kunst.

Al drie jaar domineert het partuur van Gert Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger het kaatsen in de hoofdklasse. "Sa lang as ik yn de bettere partoeren sit en der nocht oan ha gean ik troch", zegt de 29-jarige Triemstra. "It kin bêst dat ik oan 't myn fijfentritichste troch keats."

Tweemaal per week, exclusief de wedstrijden in het weekeinde, traint de voorinse die de mooiste slagtechniek heeft van alle huidige voorinsen. Viervoudig PC-winnaar Triemstra werkt als assistent-productieleider bij koekfabriek Hellema in Hallum. Op de kaatsvelden is hij allerminst een koekenbakker. Hij is een topper en liefhebber pur sang.

Ben jij de Ronaldo van de Friese kaatsvelden?
"No, dan bin ik leaver Lionel Messi, want dy hat in minder grutte mûle."

Is jullie coach Erik Seerden de Louis van Gaal van het kaatsen?
"Nee, want hy is hiel beskieden en bliuwt altyd op de achtergrûn. Mar hy is fierders in prima coach. Wy witte net of wy mei elkoar trochgean, dêr is noch gjin dúdlikens oer. Dat sil tusken no en twa wiken wol komme."

Wat was je mooiste moment dit seizoen?
"Ik fûn it hiel moai om it Nederlânsk kampioenskip mei Sint Jacob te winnen. Dat wie mei itselde partoer as wêr't wy yn 2008 ek mei

wûnen. It wie ek wol wer lestich omdat myn broer Bauke der troch in ankelblessuere net by wie. Mar it wie in hiel moai momint, ast witst dat it hiele doarp efter dy stiet."

Wat was dit seizoen het meest frustrerende?
"Dat wie de PC-finale. Miskien wie it wol myn bêste partij fan it seizoen mei in stik as tolve boppeslaggen. As je dan net winne is dat hiel frustrearend. We hiene in unike searje delsette kind troch fjouwer kear op rige te winnen, mar dat slagge net. Stiest met 5-1 achter en tinkst: wat ha wy no eins dien?"

Wat heb je nog te winnen?
"Eins niks, al ha ik noch noait yn Weidum en Stiens winne kind. Mar fan nature ha ik yn my dat ik altyd graach in wedstrijd winne wol."

Verliezen yan je jongere broer Bauke is erg?
"Hy mei bêst fan my winne, mar ik wol dat momint sa lang moogijk útstelle. As ik der dan al ôfgean, it leafst tsjin him. It komt fansels hieltyd tichterby dat ik in kear fan him ferlieze sil, mar hy krijt it seker net kado."

Hoe kijk je in z'n totaliteit tegen het kaatsniveau aan?
"It is logysk dat it nivo wat nei beneden gien is, mar net folle. Folle jonges binne op hun tritichste opholden mei keatsen en ien as Chris Wassenaar hie ek noch in pear jier mei kind. Dan hast it oer twa goeie partoeren. Krijst oanfulling fan jonges fan in jier as tweintich. It is by harren no noch te wyld, mar dat is leeftiid. It is ek in kwestje fan doseare yn in partij. Soks moatst leare. Lykas yn Pingjum wie it in drama. Kinst dan wol sizze dat it bêst wie, mar dan hast in blyndoek foar."

Ambieer jij later een bestuursfunctie in het kaatsen?
"It is net myn doel, mar as it sa útkomme soe, soe ik der net negatyf tsjinoer stean. Ik slút net út dat soks wol by my passe kin. Mar wat ik dan feroarje wolle soe yn it keatsen kin ik no noch net sizze."

Bron: Leeuwarder Courant