Sint Anne, 5 febrewaris 2013

Bildts 'n goed foorbeeld fan meertalighyd

F.l.n.r.: drs. Idske Bangma, wethâlder Nel Haarsma, Sinteklaas en dr. Alex Riemersma. Foto: Kemissy Meertalighyd (skend)Wethâlder Nel Haarsma fan de gemeente It Bilt waard op woansdei 7 novimber 2012 it earste eksimplaar oanbean fan de Biltsk-Nederlânske brosjuere Meertaligens in 't daagliks leven/Meertaligheid in het dagelijks leven. De brosjuere beskriuwt de meartalige ûntwikkeling fan bern fan 0-5 jier. Der steane tips yn foar âlden en opfieders om bern twa- of meartalich op te bringen yn in taalrike omjouwing.

De oanbieding wie yn it ramt fan in stúdzjedei oer meartaligens foar de beukerliedsters fan de PCBO-skoallen fan It Bilt, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel. Sinteklaas wie de 'special guest'; it die bliken dat er floeiend Frysk, Biltsk, Nederlànsk en lngelsk prate koe. Gastsprekker drs. Idske Bangma - fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan de Fryske Akademy - frege oan Sinteklaas oft er wolris Biltske of Fryske Sinteklaasferskes te hearren krige. "Fierstente min", wie er fan betinken.

Maklik mear talen leare

Yn har lêzing fertelde Bangma dat út ynternasjonaal, nasjonaal en provinsiaal ûndersyk bliken docht, dat bern maklik mear as ien taal tagetyk leare kinne, en dat soks net op kosten giet fan it learen fan de mearderheidstaal (it Nederlansk). Meartaligens hat in protte foardielen, ek foar de langere termyn, foar de behearsking fan in minderheidstaal en/of in streektaal. Bangma besleat har foardracht mei it formulearjen fan in grûnrjocht: Elts bern hat it rjocht om meartalich grut te wurden!

Dr. Alex Riemersma - lektor Fries en Meertaligheid oan Stenden en NHL Hogeschool en ek wurksum by Mercator - neamde de Biltske regio wat de taal oangiet in goed foarbyld foar oare minderheidsregio's yn Europa. Meartaligens fersterket de Nederlânske taal ek. It moat dan ek net gean om de kar tusken óf Frysk óf Biltsk óf Nederlànsk óf Ingelsk, mar om én Frysk én Biltsk én Nederlànsk én Ingelsk. Dêrom is it fan belang om âlden en profesjonals te ynformearjen oer meartaligens, sadat se der bewust foar kieze kinne om harren bern mear as ien taal oan te bieden. De fouwertalige lesbrieven foar de basisskoallen, 0ntwikkele troch de Kemissy Meertatighyd en Taalsintrum Frysk/Cedin, binne in moai foarbyld fan hoe't dat ynformearjen oanpakt wurde kin.

Boarne: Ut de Smidte, Fryske Akademy