Amsterdam, 29 februari 2008

'Wy binne tun de toanen ut ferwend'

Hein Jaap Hilarides: 'At ik ôfgaan op hoe't 't in 'e media foorspiegeld wort, sou ik in 'n kogelfrij fest foor de klas staan motte.'

Hy heart mei syn 38 jier ta in generaasje dy't "tun de toanen ut ferwend is". Doe't er as prinsipjeel tsjinstwegerder in jier op it gemeentehus fan Ternaard oan it wurk moast as miljeukontroleur, hat er omstean leard. Bildtker Hein Jaap Hilarides skreau mei 'Joppe' syn earste en foarearst ek syn leste Fryske roman. "De folgende roman wort Bildts".

It boek telt sa'n hûndertfyftich siden, mei in soad wyt: in lêsavontoer fan in pear oeren. Dochs hat Hein Jaap Hilarides der mar leafst fjouwer jier oer dien. It is dan ek net samar in boek, it is - nei 'Prospero' fan Nyk de Vries - it twadde diel yn de rige Fryske modernen.

It projekt fan de Afûk, de Friese Pers Boekerij en de al net mear besteande Koperative Utjowerij (KU) is betocht om jonge skriuwers dy't op syn heechst ien boek publiseard hawwe sa fier te krijen dat se trochsette as proazaskriuwer. Se komme yn 'e beneaming foar in beurs fan in pear tüzen euro en se krije in begelieder dy't har redaksjoneel bystiet en meitinkt oer it ferhaal.

Yn it gefal fan Hein Jaap Hilarides wie dat Alpita de Jong. Om't er redakteur Piter Boersma fan de KU en letter Jelma Knol fan de Friese Pers Boekerij har der ek mei bemuoiden - se fûnen alle trije hieltyd wer oare sinnen dy't wol skrast wurde koene - is it jierrenlange proses fan 'Joppe' útrûn op in roman fan in tige beskieden omfang.

Opmerklik oan de skriuwer (en muzikant) Hilarides is dat er komselden Frysk praat. Nei syn stúdzje oan it Van Hallynstitút yn Grins studearre er Ingelsk, dêrnei Frysk. Syn skripsje oer Fryske lieteboeken sjit moai op - as er dy ôfhat is er doktorandus Frysk -, mar thús yn Amsterdam praat er Nederlansk, yn Fryslân praat er Bildts.

It is neffens him mei syn Frysk itselde as mei syn Ingelsk. "Ik geef Ingels op 'n middelbare skoal, maar ik kom niet faak in Ingeland. At ik 'n ferhaal in 't Ingels houwe mot, kom ik der wel ut. Maar at ik moe bin, loop ik kans dat ik der in smoor. Soa is 't met 't Fries ok."

Syn mem is Frysktalich, troch famylje fan memmekant is it Frysk him passyf tige eigen. Syn earste gedichten en koarte ferhalen skreau er ek yn dy taal. Geandewei is er oergien op it Bildts, benammen troch syn rubriken yn de Bildtse Post en de Moanne. "Atst Bildts skriifst, boorst 'n heel andere laag in dysels an, befoorbeeld faker dingen út dyn jeugd. Dialogen gaan my maklik of, die skriif ik soamaar op. Dat komt waarskynlik ok omdat der niet soafeul mînsen over 't skouder metkike."

Op't heden skriuwt er hast allinne noch mar Bildts. "Ik skriif dos fooral foor myn aigen fermaak, dan kin ik 't likegoed in 't Bildts doen. Ik dink dat 't 'n logise stap is om myn folgende groate projekt - miskien wel weer een roman - ok in 't Bildts te skriven."

Doe't er yn 2001 frege waard om mei te dwaan oan de Fryske Modernen fielde er him fereard, mar lûd jûchhei roppe die er net. Hy wist dat der in soad fan him frege waard en dat it - yn ferhalding ta de oeren dy't it him kostje soe - amper in sint opsmiet.

Twa tema's, dy't yn de jierren njoggentich aktueel wiene, moasten in rol spylje yn syn roman: asylsikerssintra en fersmoarge grûn. Wat ek fêststie wie dat er syn ûnderfiningen as tsjinwegerer op it gemeentehûs fan Ternaard - hy wie der mileukontroleur -yn it boek ferwurkje soe. De beskriuwing fan de ôfdieling miljeu op dat gemeentehüs sille - hoe autentyk se fierder ek binne - by de leafhawwers fan 'Het bureau' fan J. J. Voskuil grif werkenning oproppe.

De oergong fan it studintelibben nei it gemeentehûs yn 1994 wie grut. Hein Jaap Hilarides: "'n Kenmerk fan ons generasy is de onbeperkte keuzefrijhyd die't wy hadden. Wy kregen bakken fol geld om te studeren en geld om te drinken waar der ok altyd genoeg. Op myn negentiende kon ik 'n auto op 'e dyk houwe en reed ik Europa deur. Wij leefden in 'n walhalla. En fan die ultime frijhyd belandde ik in 'n wereld die't annander hong fan regels en wetten, 't leven waar inenen 'n groat motten. Ik kon der ok niet foortidig útstappe, ik most myn perioade útsitte."



Mei niget hat er de sfear op in gemeentehûs tichtby de Waadseekust beskreaun, mei gesachstrouwe amtners dy't der sekuer op tasjogge dat boeren en middenstanners har oan alle besteande miljeufoarskriften halde. De persoan dy't er it moaist - satirysk, mar mei leafde - portrettearret is amtner Oebele Streekstra. Kwea sit der net by, mar sa no en dan makket er wol eefkes dúdlik hoe't de gesachsferhalding is tusken Joppe en him. Dat docht er ûnder oare troch Joppe konsekwint yn de tredde persoan oan te sprekken: "Kin er it no allinne, kirrel?"

'Joppe' wol mear wêze as de by elkoar fandele oantinkens fan Hilarides oan syn jierren yn Ternaard. "Ik wou der fiksy fan make, 't most gyn autobiografy worre. 't Ston fan 't begin of fast dat 't in 'n willekeurig dorp an de Waddenseekust speule most, wer't 'n asylsoekerssintrum naast de seedyk ston. Dêrom hew ik 't Raajendt noemd en niet Ternaard. Doe't ik an 't skriven waar speulde de affêre met Ayaan Hirsi Ali en worde Theo van Gogh fermoord. Ik wou 't ferhaal polityk make, 't most niet alleen over Joppe gaan die't achter de wiven ansit."

It ferhaal fan Joppe spilet tsjin de eftergrûn fan de grutte maatskiplike feroaringen dy't op gong kommen binne troch de komst fan tûzenen allochtoanen nei Nederlân. Doe't Hein Jaap Hilarides sels yn Harns op de ryksskoallemienskip siet, wienen der mar in pear dûnkere learlingen op de hiele skoalle. Op de skoalle dêr't er no lesjout is de helte fan de learlingen allochtoan. "Hest alle problemen in ons maatskappij hange samen met identiteit, kleur en taal. Der wou ik over skrive."

De ûnderfining hat Hilarides leard dat der in grut ferskil is tusken de deistige realiteit en hoe't yn de polityk en de media oer dy problemen praat wurdt. "At ik ôfgaan op hoe't 't in de media foorspiegeld wort, sou ik in 'n kogelfrij fest foor de klas staan motte. Maar in de praktyk fan myn skoal speult 't nauliks 'n rol dat de helt fan de leerlingen allochtoan is."

Yn de roman rekket Joppe befreone mei in asylsykster ut in Afrikaansk lan dêr't twa stammen elkoar ôfslachte hawwe. Lykas alle nammen yn it boek krijt ek dat lan in fantasynamme, mar de assosjaasje mei de striid tusken de Tutsi's en de Hutu's yn Rwanda leit yn 'e reden. Op de fraach hoe't minsken sa bang wurde kinne dat se elkoar fermoardzje, antwurdet asylsykster Terpsi: "It wurd hat in wearde foar de minsken. Oft dy wearde op wierheid basearre is of net, dat makket net ut. It giet der net om oft it wier is wat der sein wurdt. It giet der om dat it leaud wurdt."

Yn it boek skrynt it kontrast tusken de asylsikers dy't fan tichtby meimakke hawwe hoe't minsken om wurden fermoarde wurde en de amtners op het gemeentehûs dy't in oere neitinke oer de fraach oft it wurdsje 'alsnog' no wol of net twa kear yn in brief stean mei. Hilarides: "Der gaat 't om in 'Joppe'. Ambtenaren die't oeverloas in 'n gemeentehuus sitte te ouwehoeren, wylst 'n paar honderd meter feerderop mînsen in moordende onsekerhyd leve over hur asylanfraag."

Mar 'Joppe' giet ek oer in tweintiger oan it begjin fan syn libben as folwoeksene. In tweintiger dy't opgroeid is yn de jierren santich, mei in soad frijheid en materiële rykdom. Noait tsjinslach han, alles is altyd fansels gien. Gjin jeugd dy't útdaget ta ambysje, Hilarides sjocht it oan syn leeftydsgenoaten. "Kyk alleen maar naar al die mmsen die't niet fulltime werke wille. Wy binne tun de toanen ut ferwend, wort wel said. Meskien is dat wel waar."

Joppe wurdt him der yn it gemeentehûs fan Raarendt fan bewust dat de minsken om him hinne it libben fan de measte folwoeksenen yn Nederlan liede. Tsien, fyftjin jier by deselde baas, in pear bern thús en dat is it dan. Joppe hopet dat de leafde him de kans jout om der oan te ontsnappen.

Ek Hein Jaap Hilarides is oant no ta aardich ontsnapt. Gjin bern, wat lesjaan, wat skriuwe, wat muzyk meitsje. Ambysjes, fynt er, dy't him, Joppe en al har generaasjegenoaten passe.

SIETSE DE VRIES

Bron: Leeuwarder Courant